Havengebou Holwert fernijd
It havengebou op de Holwerter daam is yn trije moanne tiid folslein opknapt en útwreide. Sa is der in winkel bykaam mei klean, delikatessen en wyn. De besteande kiosk ferkeapet tenei ek blommen.
De útwreiding is neffens de direksje fan rederij Wagenborg in ekstra service foar toeristen dy't fan It Amelân komme of krekt nei it eilân ta gean.