Museum Hylpen moat mei ferbouwing by de tiid brocht wurde
Museum Hindeloopen yn Hylpen hat plannen foar in yngripende ferbouwing en fernijing. Bestjoer en direksje fine de kolleksje net mear fan dizze tiid. It museum moat oantrekliker wurde en trije kear safolle besikers lûke as no, fan 8000 nei 22.000.
It museumbestjoer hopet de goed twa miljoen euro dy't foar de ferbouwing nedich binne yn de kommende moannen binnen te heljen. As alles neffens plan giet, moat de hiele ferbouwing yn 2018 klear wêze.