Wiebe Wieling nije foarsitter ried fan tafersjoch KH2018

28 maaie 2015 - 11:19

Wiebe Wieling is de nije foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan Kulturele Haadstêd 2018. Hy folget Paul Visschedijk op. De ried bestiet mei de komst fan Wieling út fiif minsken, dêr't twa nij fan binne. Dat binne Dianne Zuidema fan de Stadsschouwburg yn Amsterdam en Annabelle Birnie fan it Drents Museum yn Assen. Diana Monissen en André Regtop hâlde harren sit yn de ried.

Neffens Wieling sil de ried der strang op tasjen dat der net mear jild útjûn wurdt as deryn komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)