Podden helpe mei oerstekken

02 mrt 2012 - 13:51

Frijwilligers binne tusken Beetstersweach en De Himrik dwaande podden te helpen feilich oer de wei te kommen. Se hawwe in konstruksje makke dy't de bisten mei in grut doek by in part fan de dyk del liedt.

It grutste part fan de dyk is lykwols net beskerme. Der wurdt al jierren sein dat der tunnels komme moatte ûnder de dyk troch. Dy binne te djoer en de bermen binne fan twa ferskillende eigeners.

De podden en kikkerts binne de ôfrûne wike út harren wintersliep wekker wurden en lûke no nei de fivers en plassen. Op de Poostwei tusken Beetstersweach en De Himrik stekke fan âldsher in soad oer en se waarden in soad platriden troch auto's. Der binne mei-inoar tolve frijwilligers mei de feilige oerstek anneks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)