Deade man fûn by de Beetsterwei yn Nij Beets

27 maaie 2015 - 20:10

By de sânôfgraving oan de Beetsterwei yn Nij Beets is woansdeitejûn it lichem fan in man fûn. Njonken de man lei ek in fyts. Ut ûndersyk hat bliken dien dat it om in man fan 79 jier út Beetstersweach giet.

De plysje giet derfan út dat de man net goed wurden is. In foarbygonger trof it lichem fan de man oan it begjin fan de jûn oan en belle de plysje. It fytspaad hat de hiele jûn ôfsletten west yn ferbân mei it plysje-ûndersyk.

Trefwurden: 
Nij Beets fyts man deade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)