Wetsus hellet grutte wetterkonferinsje nei Ljouwert

27 maaie 2015 - 19:21

Wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert is deryn slagge om de prestisjeuze EIP Water Conference nei Ljouwert te heljen. Op 10 febrewaris fan takom jier komme leden fan EIP nei de Harmonie om dêr te praten oer ûntwikkelings yn de wettersektor.

EIP is in gearwurkingsferbân yn Europa om ynnovaasjes en eksport yn de wettersektor te stimulearjen. Njonken Wetsus hawwe ûnder oare de gemeente Ljouwert, de provinsje en it ryk meiwurke oan it binnenheljen fan it evenemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)