Noch seis plakken frij by The Ride For You

27 maaie 2015 - 16:37

Sike bern dy't sneon 30 maaie meidwaan wolle oan The Ride For You kinne har noch opjaan. Der binne noch seis plakken frij, seit organisator Gjalt Wijmenga. The Ride For You is in autorit foar jongeren fan 12 oant 21 jier mei in ûnbekende sykte. Sy kinne meiride yn in sportwein.

Entûsjaste sjauffeurs fan fyftich rappe sportweinen starte sneon om 10.00 oere yn de tún fan Landgoed Lauswolt yn Beetstersweach en ride yn kolonne nei Ljouwert. Om 16.00 oere is dêr de finish op it Aldehoustertsjerkhôf.

Opjaan kin fia de webside fan The Ride For You.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)