Roorda yn basis tsjin ADO

Geert Arend Roorda stiet sneon yn it treffen mei ADO Den Haach yn 'e basis. De Fryske middenfjilder ferfangt de skorste Sven Kums en foarmet mei Filip Djuricic en Viktor Elm it middenfjild. Op 21 septimber 2010 stie Roorda foar it lêst by SC Hearrenfean yn 'e basis.
Daryl Janmaat keart tsjin syn âld wurkjouwer werom yn 'e basis. De ferdigener is hersteld fan syn knibbelblessuere. Oussama Assaidi begjint krekt as ferline wike tsjin AZ op 'e bank.