Kamp stelt beslút oer gaswinning op Skylge út oant 2016

27 maaie 2015 - 14:02

Minister Kamp stelt syn beslút oer gaswinning op Skylge troch Tulip Oil mei in jier út. Hy nimt net dizze simmer in beslút, mar pas yn 2016. De Twadde Keamer hat him earder al tsjin de plannen útsprutsen. Under oare regearingspartij PvdA hat him by de tsjinstanners oansletten. Yn Den Haach waard woansdei in manifestaasje hâlden tsjin gaswinning, mei ek in delegaasje fan Skylge. De demonstranten binne benaud foar skea oan it miljeu.

Se songen op it Plein it protestliet 'Lekker laten zitten, die paar kuub gas.'

Earder hat ek de gemeenteried fan Skylge him útsprutsen tsjin gasboarrings op It Amelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)