BASF fiert 150-jierrich jubileum

27 maaie 2015 - 11:54

It bedriuw BASF fiert dit jier syn 150-jierrich bestean. It bedriuw hat op It Hearrenfean in grutte produksjelokaasje. Dêr wurdt ûnder oare hars makke dat brûkt wurdt yn drukinket. Njonken de produksjelokaasje wurdt der op it Hearrenfean ek in soad ûndersyk dien. Sa is der in grut laboratoarium.

Op sneon 26 septimber gean de doarren foar it publyk iepen. Dan is der in iepen dei en kin minsken sjen yn de produksjehal. By BASF wurkje yn Nederlân sa'n 900 minsken. It tal meiwurkers op It Hearrenfean is sa'n 150.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)