Stapper fjochtet mei personiel

© ANP XTRA
De plysje hat tongersdeitenacht yn Snits in man út Boalsert oanhâlden omdat er yn in hoarekagelegenheid mei klanten en personiel fochten hie. Doe't de plysje him op strjitte oanhâlde en fûillearre, fûnen se softdrugs by him.
De plysje waard op dat stuit ek misledige en bedrige troch in 18-jierrige jonge út Snits dy't foarbykaam. Dy woe syn papieren net sjen litte doe't him dêr om frege waard. De plysje hat him ek meinaam nei it buro.