Ynbraak yn Aldi yn Boalsert

02 mrt 2012 - 10:30

Der is tongersdeitenacht ynbrutsen by de Aldi oan de Snitserstrjitte yn Boalsert. Surveillearjende plysjes krigen de melding dat it ynbraakalarm fan de winkel ôfgien wie. Ferskate plysje-ienheden giene derhinne.

Ien fan de ploegen seach in auto foarbyriden. De plysjes tochten dat dat de dieders wolris wêze koene en skreaune it kenteken op. Oan de hân dêrfan koene se trije fertochten oppakke. It giet om in man fan 22 út Boalsert, ien fan 22 út Voorburg en ien fan 23 út Zoetermeer. Se binne meinaam nei it buro.

De plysje docht freed spoare-ûndersyk yn en by de winkel.

Trefwurden: 
Boalsert ynbraak supermerk Aldi
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)