Nije bannen omruile foar âlde

02 mrt 2012 - 10:19

Yn Jirnsum binne tongersdeinacht de bannen fan in auto stellen. De auto stie parkeard oan de Rykswei. De eigener hie der krekt fjouwer nagelnije bannen omsette litten.

Doe't er de moarns by syn auto kaam, seach er dat de bannen ferwiksele wiene. Der sieten no âlde omhinne.

Trefwurden: 
Jirnsum autobân Rykswei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)