Jonge fernielers pakt yn Grou

02 mrt 2012 - 10:02

Trije jonges út Grou binne tongersdeitejûn oppakt foar fernielerij. In doarpsbewenner warskôge de plysje omdat se sjoen hie dat de jonges konteners omskopten en flaggestokken fan winkels fernielden. Yn de Tsjerkestrjitte waarden de jonges oanhâlden troch in man, omdat se de flaggestok fan syn boat fernield hiene. De man hat se oerdroegen oan de plysje.

Ien fan de jonges hat de hiele nacht fêstsitten. De oare twa mochten nei hûs, mar moatte harren freed melde foar ferhear.

Trefwurden: 
Grou fernieling konteners
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)