Fertochte sjoen op dak kazerne

02 mrt 2012 - 09:58

Op It Hearrenfean is tongersdeitenacht in man fan 52 út dat plak oanhâlden omdat er koper stellen hie. De plysje hie in tip krigen dat der mooglik koper stellen waard by de âld brânwachtkazerne oan de Koornbeurswei.

Doe't de plysje der oankaam, seagen se in man op it dak rinnen. De omjouwing waard ôfset en dêrnei is de man yn it gebou oanhâlden. De Feanster is meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)