Eigener losrinnende pony socht

© Plysje Fryslân
De plysje siket de eigener fan in pony. It bist waard nei in melding by de bisteplysje fûn yn in stik greide achter It Heideloantsje yn Twizelerheide.
De plysje tinkt dat de shetlandpony dêr al in pear dagen en miskien wol in pear wiken omstrúnd hat. It bist hat gjin chip en dus kin de plysje him net maklik fine. De pony is ûnderbrocht by in stâlhâlder yn Dokkum.