Mooglik dochs MFC by Aeolus

Der is toch noch kâns dat der in multyfunksjoniel sintrum komt op it terrein fan Aeolus, krekt bûten Seisbierrum. Doarpsbelang mei fan de gemeenteried fan Frjentsjerteradiel útsykje oft dat rendabel is.
De gemeente wol in multyfunksjoniel sintrum yn it sintrum fan Seisbierrum ha, omdat dat de leefberens ten goede komme soe. It doarp sels is it dêr net mei iens. Dat is benaud foar oerlêst en tinkt dat in grut gebou net yn it doarp past. Doarpsbelang mei no útsykje oft in multyfunksjoniel sintrum yn Aeolus útkin.
Mar dat ûndersyk moat wol rap dien wurde, omdat it gebou te keap stiet en it dus fuortkaapt wurde kin, foar de noas fan Seisbierrum wei.