Oantal sike minsken troch rotafirus yn Meckama State ôfnaam

26 maaie 2015 - 14:38

It tal minsken dat siik is troch it besmetlike rotafirus yn fersoargingstehûs Meckama State yn Kollum is flink ôfnaam. Ferline wike hiene fiifentweintich bewenners it firus te pakken, dizze wike binne dat noch seis. Dat is foaral te tankjen oan de hygiëne-ynstruksjes dy't bewenners, besikers en personiel krigen ha. Ek is in grut part fan de mienskiplike aktiviteiten skrast.

De direksje ferwachtet dat takom wike de maatregels net mear nedich binne.

It rotafirus komt benammen by jonge bern foar. It soarget derfoar dat minsken spuie moatte en diarree krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)