Opsterlân: 'Lege drinkpakken net mear apart ynsammelje'

26 maaie 2015 - 13:56

De gemeente Opsterlân hâldt op mei it apart ynsammeljen fan lege drinkpakken yn Nij Beets. Ut ûndersyk docht bliken dat it net goedkeaper is om apart drinkpakken yn te sammeljen.

In soad minsken smite pakken ek noch hieltyd by it oare ôffal. Om it skieden goed te dwaan moatte dy pakken der dan noch úthelle wurde en dat is fierstente djoer. Opsterlân kiest der dêrom foar om wer werom te gean nei it reguliere ynsammeljen, ien kear yn de twa wiken.

De pilot mei it apart ynsammeljen fan lege pakken is yn 2013 úteinsetten. It wie ûnderdiel fan in lanlik ûndersyk nei it skieden fan mear soarten ôffal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)