Museum Drachten krijt kolleksje Werkman en wol útwreidzje

26 maaie 2015 - 13:21

It museum Drachten krijt twa unike kolleksjes fan de Grinzer keunstner Hendrik Werkman yn brûklien. It giet om mei-inoar 480 objekten fan Hendrik Werkman en syn soan Tap. Om alles ûnder dak te bringen wol it museum de kommende jierren graach in nij stik oanbouwe litte. In soad fan it wurk fan Werkman is noait earder tentoansteld.

Museum Drachten fynt dat it mei de kolleksje definityf de erkenning krigen hat as ien fan de belangrykste musea foar moderne keunst yn Noard-Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)