Omstannichheden fytsalvestêdetocht goed dit jier

25 maaie 2015 - 23:05

De omstannichheden fan de fytsalvestêdetocht wienen goed dit jier. Al om 9 oere jûns wienen der mear as 13.000 fan de 14.000 dielnimmers binnen. It wie drok oan de finish, want de riders waarden opwachte troch famylje en freonen. Se krigen in tút en in blomke en dan gau de tinte yn foar de lêste stimpel en it krúske.

Neffens de plysje foel it tal ûngelokken ta dit jier. Ek de organisaasje fan de fytsalvestêdetocht is tefreden oer it ferrin fan de dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)