Op 'e nij grutte opdracht foar arsjitekt Achterbosch yn Sina
De Fryske arsjitekt Hans Achterbosch hat op 'e nij in grutte opdracht binnen helle yn Sina. Hy hat de opdracht krigen om in lúks fakânsjepark te ûntwerpen by de stêd Liyang. It folsleine projekt kostet tsientallen miljoenen euro's en bestiet ûnder oaren út in 30 tal beamwenten, in restaurant en in museum.
Foar Achterbosch is it de twadde Sineeske opdracht yn koarte tiid. Moandei waarden 30 troch him betochte beamwenten yn de provinsje Jiangsu iepene.