Koepelbosk yn Aldeberkeap freed weriepene

25 maaie 2015 - 21:57

It Koepelbosk yn Aldeberkeap wurdt freed offisjeel weriepene. De ôfrûne fjouwer jier is it gebiet krekt bûten it doarp hielendal opknapt. Ut ûndersyk fan in wurkgroep út Aldeberkeap hat bliken dien dat it bosk ea oanlein is nei in ûntwerp fan de ferneamde arsjitekt Roodbaard. Hy stiet bekend om syn parkeftige bosken.

Dizze styl is no wer werombrocht yn it Koepelbosk. Njonken eigener Steatsboskbehear hawwe ek in soad frijwilligers út Aldeberkeap hjiroan meiwurke. Kommisaris fan de Kening John Jorritsma iepenet freed it bosk.

Op sneon is der in iepen dei foar belangstellenden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)