Friezen oer de finish fan de Roparun yn Rotterdam

25 maaie 2015 - 21:23

Sa'n 60 Friezen binne moandei yn Rotterdam oer de finish kaam fan de Roparun. Dat is in estafette fan mear as 550 kilometer fan Parys of Hamburg nei Rotterdam. De wedstriid wurdt organisearre om jild yn te sammeljen foar minsken mei kanker.

Under oare in team út Ljouwert en Burgum dienen mei. In team bestiet gemiddeld út 25 minsken. Alle groepen bestean út hurdrinners, fytsers, sjauffeurs, in persoan dy't de kaart lêst en in team dat soarget foar iten en drinken ûnderweis.

Trefwurden: 
Rotterdam Roparun
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)