Hieltyd minder hurdfytsers lid fan fytsferiening

25 maaie 2015 - 20:17

Der binne hieltyd mear hurdfytsers, mar dochs binne minder minsken lid fan in offisjele hurdfytsklup. Dêrtroch komme dy klups, ek yn Fryslân, yn de problemen. Sa hawwe de ferienings fan It Hearrenfean en Drachten de lapen al gearsmiten om bestean bliuwe te kinnen.

De nije hurdfytsers kieze derfoar om allinnich of mei freonen te fytsen en profesjonele trainingen helje se fan ynternet. Hurdfytsbûn KNWU wol dêrom maatregels nimme om minsken wer oan de offisjele ferienings te binen. Sa moatte klups mear online aktyf wêze, fynt de KNWU.

Moandei is in spesjale webside lansearre dêr't minsken op meiprate kinne oer de takomst fan it hurdfytsen en it bûn. Dy site is te finen op www.wielersport2020.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)