Björn Bakker en Leonie Lubbinge distriktskampioen op 'e fyts

25 maaie 2015 - 17:09

Björn Bakker is pinkstermoandei yn Drachtsterkompenije kampioen fan it distrikt Noard wurden. De hurdfytser fan Wijnjewâld wie yn de einsprint by de beloften John Meewisse en Niels Goeree de baas. Jan Bos fan Bontebok pakte it brûns by de elitehurdfytsers. Hy ferlear de einsprint fan kampioen Jeff Vermeulen en Stefan Poutsma. René Hooghiemster waard fjirde. Dizze sân hurdfytsers bleaune nei in moaie striid oer yn in kopgroep.

Leonie Lubbinge fan Drachten waard kampioen by de froulju foar Marije Joling en Jade van der Molen.

Joël Zuidema fan Dokkum wie de bêste nijeling en Paulien Koster fan Dolsterhuzen waard kampioen by de juniorfroulju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)