Fjirde list bekend op Bûnspartij yn Frjentsjer

25 maaie 2015 - 15:31

Op de Bûnspartij yn Frjentsjer binne de partoeren bekend dy't troch binne nei de fjirde list. Sint-Jabik nimt it op tsjin Arum, Bitgum moat tsjin Seisbierrum, Hijum-Feinsum tsjin Grou en Minnertsgea tsjin Reahûs-Turns.

Bauke Triemstra, Renze Hiemstra en Taeke Triemstra fan Sint-Jabik binne al troch nei de fyfde list. Se fersloegen Arum. Ek it partoer fan Bitgum is troch nei de heale finale. Johan van der Meulen, Kor Zittema en Tjisse Steenstra wienen te sterk foar Seisbierrum/Pitersbierrum. Ek Minnertsgea is troch nei de heale finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)