Seehûnen befrijd fan yn see dumpt ôffal

25 maaie 2015 - 13:16

Frijwilligers fan Skylge ha snein de lêste twa seehûnen befrijd, dy't fêstsieten op in sânplaat by it eilân. It iene bist hie in rubberen ring om 'e nekke, it oare in stik tin nylontried. It giet om ôffal dat yn see dumpt is.

It ôffal is fan de nekken fan de bisten helle en dêrnei binne se wer loslitten. Earder waarden yn it gebiet al twa oare seehûnen befrijd fan ôffal.

Trefwurden: 
Skylge ôffal seehûn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)