Motoralvestêdetocht ek los mei goed 3.400 dielnimmers

25 maaie 2015 - 10:31

De motoralvestêdetocht belibbet twadde pinksterdei syn 80ste edysje. Dit jier dogge mear as 3.400 weinen mei, foar it grutste diel motors, mar ek soleksen en trikes binne fertsjintwurdige. It tal dielnimmers leit krekt wat leger as ferline jier, mar de organisaasje fynt dat net slim omdat it dan wat better te behappen is.

De 80ste edysje wurdt net grut fierd, de organisearjende Friesche Motorclub hat ferline jier it jild al brûkt foar de fiering fan syn 100-jierrich bestean.

Trefwurden: 
motoralvestêdetocht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)