Bloed om 'e holle, mar dochs trochfytse

25 maaie 2015 - 09:28

By de alvestêdetochten hawwe yn de earste oeren yn alle gefallen fjouwer falpartijen west. Dat meldt de plysje. Tusken healwei achten en healwei tsienen foelen trije fytsers en in motorrider. Dy motorrider gie ûnderút yn Drylts, de fytsers yn Holwert, Tsjummearum en Hallum. Ien fan de fytsers moast fanwege ferwûnings behannele wurde, dat jildt ek foar de motorrider. De oare fytsers rûnen benammen skaafplakken op.

Ferslachjouwer Jan Durk de Haan hie moandeitemoarn betiid yn Frjentsjer al in slachtoffer by de mikrofoan. In man mei in knibbel yn it ferbân en bloed om 'e holle. De man lit de holle net hingje. It is de sechsde kear dat er meidocht en hy is fan doel om dizze edysje ek gewoan út te riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)