SC Hearrenfean wint fan Feyenoord nei ferlinging

24 maaie 2015 - 18:02

SC Hearrenfean hat snein yn de ferlinging wûn fan Feyenoord. Yn de reguliere spyltiid makken de Rotterdammers de 1-0 yn de 41ste minút troch in goal fan Achahbar. Dêrnei waard net mear skoard, mar om't de Friezen de earste wedstriid thús mei 1-0 wûnen, stie it gelyk.

Ferlinging moast útkomst bringe. Yn de earste ferlinging skoarde Mark Uth twa kear. Yn de twadde ferlinging kaam Feyenoord werom mei in kopbal fan Kazim-Richards. It wie lykwols genôch foar de Friezen. Se moatte tsjin Vitesse yn de finale fan de play-offs om Europeesk fuotbal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)