Ferwûnen by ûngelok by Drachtsterkompenije

24 maaie 2015 - 17:39

By in ûngelok op de Skieding by Drachtsterkompenije binne sneintemiddei trije minsken ferwûne rekke. Twa auto's kamen op it krúspunt mei elkoar yn botsing.

It is nei alle gedachten feroarsake troch in ynwenster (22) fan Marum. Sy tocht mei har auto de N358 oerstekke te kinnen, mar seach dêrby in fan rjochts kommende auto oer de holle. Neist de frou út Marum rekken ek de twa ynsittenden fan de oare auto ferwûne, it giet dêrby om in echtpear (beide 61) út Noardburgum. De auto's rekken swier skansearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)