'Misbrûk yn boeddhistysk kleaster Makkingea'

24 maaie 2015 - 17:25

Boeddhistyske muontsen en leararen yn Nederlân ha har de lêste desennia skuldich makke oan seksueel misbrûk. Ien fan de affêres wie yn Makkingea. Dat meldt de NOS. It giet om manlike en froulike learlingen en yn guon gefallen wienen slachtoffers minderjierrich. Oare misbrûkaffêres wienen yn Waalwijk en Middelburg.

Yn in kleaster yn Makkingea lei muonts ‘Dhammawiranatha’ ein 2001 syn pij ôf nei't er konfrontearre wie mei de seksuele relaasjes dy't er mei meardere froulju hie.

Nei skandalen yn de katolike tsjerke binne de slachtoffers fan misbrûk troch boeddhistyske lieders mei har ferhaal nei bûten kaam. Se wolle net langer swije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)