Sineeske beamwenten fan Hans Achterbosch iepene
De 30 beamwenten fan de Ljouwerter arsjitekt Hans Achterbosch yn it Sineeske Liyang binne klear. Se binne snein offisjeel iepene. De beamwenten binne ûnderdiel fan in hotel en steane skean tsjin in berchhelling. Achterbosch hat meardere projekten yn Sina.
Lyang is susterstêd fan Ljouwert.