Nard Brandsma wint fierljeppen yn Bûtenpost

24 maaie 2015 - 12:00

De twadde fierljepwedstriid fan it seizoen is wûn troch Nard Brandsma. Yn Bûtenpost kaam de regearjend Nederlânsk kampioen ta 20.34 m. Dat wie rom fierder as de nûmer 2, Thewis Hobma (19.55) en Alwin Fonk (3e mei 19.43) Bart Helmholt (18.67) waard fyfde, wylst de winner fan de earste wedstriid Oane Galama mei 18.37 de finale net helle.

By de junioaren pakte Sytse Bokma út Hylpen mei oermacht de titel mei in nij pr fan 19.45. Marrit van der Wal pakte de haadpriis by de froulju mei in nij skânsrekôr fan 16.18 m. Klaske Nauta waard 2e (15.12)

By de jonges gie de winst nei Hessel Haanstra út Warkum mei in nij pr fan 15.25 m. By de famkes pakte Sigrid Bokma fan Hylpen yn de finale de deititel mei 14.00 m.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)