Frjentsjerter makket amok yn restaurant

24 maaie 2015 - 11:58

Yn Frjentsjer hat de plysje sneontejûn in 45-jierrige man út dat plak oanhâlden. Hy wurdt derfan fertocht dat er earder op de dei yn in restaurant oan de Burgemeester J. Dijkstraweg ferskate meubels fernield hat. Ek soe er personiel fan it restaurant bedrige ha. De plysje koe de man letter oanhâlde. Hy sil noch heard wurde.

Trefwurden: 
plysje Frjentsjer fernieling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)