Oplichting by festival Promised Land

24 maaie 2015 - 11:50
Promised Land - Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

Yn Ljouwert hat de plysje sneontejûn by it festival Promised Land by de Griene Stjer twa manlju oanhâlden. It duo wurdt derfan fertocht dat se mei stellen creditcards e-tickets kocht ha. Mei dy tickets fan 30 euro koenen besikers munten krije dêr't se iten en drinken foar keapje koenen.

De 25-jierrige man sûnder fêst wenplak en in 36-jierrige man út Rotterdam ferkochten de kaarten op it terrein ûnder de priis. De plysje hat it duo ynsletten en docht neier ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)