Auto yn de sleat yn Jobbegea

24 maaie 2015 - 10:14

Yn Jobbegea is sneontenacht in auto yn it wetter rekke. Oan de Leidyk besocht in meiwurkster fan de thússoarch achterút te kearen, mar dêr gie it mis. De frou rekke yn in sleat mei de auto, dy't oer de kop sloech. Se koe harsels úteinlik befrije út de auto. Der hat noch wol in ambulânse by west, mar de frou hoegde net mei.

Trefwurden: 
plysje Jobbegea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)