Fryske skoallen skoare goed op rekkentoets

23 maaie 2015 - 13:47

Middelbere skoallen yn Fryslân hearre by de top trije as it giet om it meitsjen fan de rekkentoets. Dat seit RTL Nieuws. It nijsprogramma hat de gemiddelde skoares fan alle skoallen yn Nederlân mei-elkoar ferlike. Ek hat it sjoen nei de achtergrûn fan de learlingen, lykas de oplieding en it ynkommen fan de âlden.

Middelbere skoallen yn Oerisel komme as bêste út de bus, folge troch dy yn Fryslân en Noard-Brabân. Yn Noard-Hollân wurdt it leechst skoard.

Neffens RTL Nieuws sette in soad skoallen ekstra yn op de tarieding fan de rekkentoets, omdat dy fan takom skoaljier ôf meitelt by it eineksamen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)