Akkrumer bedriuw drok mei ierdbevingsskea

23 maaie 2015 - 12:16

De ierdbevings yn Grinslân soargje foar topdrokte yn Akkrum. It Noordelijk Schade en Taxatie Bureau behannelet mear as de helte fan de 38.000 skeameldings troch de ierdbevings yn Grinslân. Pieter en Esther de Vries begûnen yn 2012 mei har bedriuw. Trije jier letter ha se 104 minsken oan it wurk.

Se wiene oant no ta ien fan de twa bedriuwen dy't alle skeataksaasjes dienen. It regear hat no it 'Centrum voor Veilig Wonen' oprjochte en sûnt jannewaris hat it Akkrumer bedriuw der mear konkurrinsje by krigen.

Yn Buro de Vries fertelle Pieter en Esther de Vries mear oer har wurk, de wize fan taksearjen en wat dy eksplosive groei fan it bedriuw mei har docht. Buro de Vries is snein tusken 11.00 en 13.00 oere op de radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)