Friesland Bank ûniens mei CPB

01 mrt 2012 - 17:18

It Centraal Planbureau is neffens de Friesland Bank miskien wol wat te somber oer de ekonomy foar takom jier. Dat fynt senior ekonoom Frank Verhees fan dy bank. Tongersdeitemoarn waarden de sifers bekendmakke. As it kabinet net yngrypt rint it tekoart takom jier op nei 4,5%. Dat tekoart mei fan Brussel mar 3% wêze. Om dat te heljen soe der 16 miljard euro besunige wurde moatte. Dat is nochris 9 miljard mear as earst al tocht waard.

Neffens de Friesland Bank binne der genôch ljochtpuntsjes.

Trefwurden: 
Friesland Bank ekonomy CPB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)