Sam Larsson en Simon Thern ûnwis foar De Kuip

23 maaie 2015 - 11:43

It is ûnwis oft Hearrenfeanspilers Sam Larsson en Simon Thern snein meidwaan kinne tsjin Feyenoord. Larsson hat lêst fan syn ankel en ferliet nei in kertier de training. Thern hat hielendal net meitraind. De al langer blessearre Doke Schmidt is der net by.

SC Hearrenfean ferdigenet snein yn De Kuip in 1-0 foarsprong. By winst op Feyenoord pleatst Hearrenfean him foar de finale fan de play-offs foar Europeesk fuotbal.

By winst giet SC Hearrenfean troch nei de finale en dêryn komt it út tsjin de winner fan it duel tusken Vitesse en PEC Zwolle. De wedstriid fan snein tsjin Feyenoord begjint om 15.30 en is live te folgjen op Omrop Fryslân radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)