Dútske motorrider ferwûne op It Amelân

23 maaie 2015 - 10:50

In Dútske motorrider is freedtejûn ferwûne rekke doe't er foel op It Amelân. De man soe even in koart tochtsje meitsje op in kamping, mar slipte mei syn motor. Hy rûn dêrby skaafwûnen en lichte kniezings op. Ut in blaastest die bliken dat er tefolle dronken hie. Der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

Trefwurden: 
plysje It Amelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)