Snitser frou skopt slacht oare frou

23 maaie 2015 - 10:23

In frou fan 24 út Snits is freedtejûn troch de plysje oanhâlden, omdat se fertocht wurdt fan mishanneling. Se soe in oare ynwenster (45) fan Snits skopt en slein hawwe. Dat wie neidat de dochter fan it slachtoffer rûzje hân hie mei in oar famke. Neffens de plysje kaam de frou fan 24 dêrop ferhaal heljen út namme fan it oare famke. De plysje hat de frou fêstset foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Snits plysje mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)