Jorritsma praat minister-presidint Rutte by

23 maaie 2015 - 08:45

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma hat kommende woansdei in moeting mei minister-presidint Mark Rutte en fise-minister-presidint Lodewijk Asscher. Mei de kommissaris fan Grinslân en Drinte praat Jorritsma de twa dan by oer ûntwikkelingen op de noardlike arbeidsmerk. Dat is by in wurkbesite dy't Rutte en Asscher woansdei bringe oan it noarden.

Dêrby sille se ûnder oare nei Assen en Grins, Fryslân wurdt net oandien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)