Blije iepenet smûk nij doarpsplein

22 maaie 2015 - 19:59

Blije wol himsels foar de kommende simmer op de kaart sette. De ôfrûne twa jier is der troch de bewenners hurd wurke oan it opknappen fan it doarp. Sa wie der in 'doarpspleinkommisje' en in 'boarterstúnkommisje. Doarpsbelang woe graach mear grien yn it doarp. Dat is dien troch hûnderten beammen en 3000 blombollen te plantsjen. Ynwenners koene ek sels harren beam plantsje op it doarpsplein.

It nije smûke doarpsplein waard freedtemiddei feestlik iepen.

It doarp is noch net ôf. De boarterstún en de rekreaasjefoarsjennings wurde noch goed ûnder hannen naam.

Trefwurden: 
Blije doarpsplein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)