Skriuwster lit flessepost achter yn Ljouwert

22 maaie 2015 - 18:20

Yn Ljouwert is fan freed ôf flessepost te finen. Skriuwster Mika Backer hat de earste flesse op in noch ûnbekend plak efterlitten yn de stêd. Har earste brief hat se skreaun oan in swalker dy't se troffen hat by it stasjon. As minsken de flesse fine is it de bedoeling dat se der in foto fan meitsje en dy nei Mika Backer maile. Se sil dit dan ferwurkje op de spesjale webside www.flessenpostvanmika.nl.

Backer wol in jier trochgean mei de aksje en dan organisearret se in byienkomst foar alle minsken dy't in flesse fûn ha. De ferhalen wurde úteinlik yn in boek ferwurke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)