Friezen foar hypoteekmaatregel

01 mrt 2012 - 17:05

In romme mearderheid fan de Friezen is der foar dat it ôflûken fan de hypoteekrinte beheind wurdt. Ut in enkête dy't holden is troch it opninypanel fan Omrop Fryslân en Eenvandaag docht bliken dat 82% fan de Friezen dat fynt.

Fierder is 74% fan de Friezen it iens mei it foarstel om ekstra ôf te lossen op de hypotheek.

In mearderheid fan de Fryske dielnimmers is der net foar om de pensjoenleeftiid no al te ferheegjen, 58% is hjir tsjin, wylst 34% it hjir wol mei iens is. Ek binne de Friezen it net iens mei it foarstel om de lingte fan de WW-útkearing te ferkoartsjen; 65% is hjir tsjin. De Friezen binne ek fan betinken dat der net besunige wurde mei op de hichte fan de ww-útkearings. Oan de enkête fan it Omrop Fryslân/Eenvandaag panel hawwe 1036 minsken meidien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)