Antea Group makket winst troch sprieding wurk

22 maaie 2015 - 17:15

De Antea Group hat oer 2014 in nettowinst behelle fan dik 11 miljoen euro. De omset fan it eardere yngenieursburo Oranjewoud op It Hearrenfean wie 368 miljoen euro. Neffens Antea koe it bedriuw har posysje yn de merk behâlde troch in goede sprieding fan wurk foar de private en de publike sektor.

Dêrneist hat Antea de ynternasjonale gearwurking breder oppakt, bygelyks mei projekten yn Frankryk, Perû en Dakar. By it bedriuw wurkje wrâldwiid 3649 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)