Schuurs nije coach Ljouwerter basketbalklup Aris

22 maaie 2015 - 15:40

Michael Schuurs wurdt de nije coach fan basketbalklup Aris. Dat is freedtemiddei bekend makke. De 38-jierrige Schuurs wurdt de opfolger fan Tom Simpson dy't oan de ein fan it krekt ôfrûne seizoen ophâlden is.

Schuurs wie jierrenlang spiler en letter ek trainer fan Nijmegen dat yn 2014 opheft is. Yn 2007 waard er útroppen ta coach fan it jier. Schuurs komt full-time by de Ljouwerters yn tsjinst. Hy hat in kontrakt tekene foar twa jier. Aris hat ek oanjûn mear mei eigen jeugd spylje te wollen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)